PodNL is gratis maar niet goedkoop. Wil je ons steunen? Neem dan je...
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Yn Rotterdam rinne se de polonêze troch it finaleplak fan Feyenoord yn de Conference League. sc Hearrenfean soe dat toernoai fia de play-offs ek helje kinne, mar neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer moat it dat net wolle.
Ald-trainer Johnny Jansen fan sc Hearrenfean hat snein de Fryske derby tusken syn âld-klup en SC Cambuur fanôf syn eigen bank sjoen. Hy koe it noch net oer syn hert ferkrije om nei it Abe Lenstra Stadion te gean.
Ien punt sit der tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur op de ranglist fan de earedivyzje. It makket de spanning allinnich mar grutter foar de Fryske derby fan oankommende snein.
Sc Hearrenfean moat bliid wêze mei it binnenheljen fan Kees van Wonderen. Dat seit Voetbal International-sjoernalist Marco Timmer yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Sonny Stevens wol by SC Cambuur bliuwe, mar dan moat de klup him wol in bettere oanbieding dwaan. It kontrakt fan de keeper rint nei dit seizoen ôf.
Spilers en trainers dy't oerstapten fan sc Hearrenfean nei FC Grins en oarsom. Ald-direkteur Hans Nijland fan FC Grins hat der neat mei, fertelt er yn de SportCast. Snein spylje beide ploegen tsjininoar yn de Derby van het Noorden.
SC Cambuur is yn petear mei in ynterim-trainer dy't Pascal Bosschaart en Martijn Barto bystean kin de rest fan it seizoen. De Ljouwerters spylje noch sân wedstriden.
Kees van Wonderen stie boppe-oan it listje fan technysk manager Ferry de Haan om de nije trainer te wurden fan sc Hearrenfean. Dat fertelt De Haan yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
It wie ôfrûne sneon njoggentich minuten ôfsjen foar âld-Hearrenfeantrainer Jan Everse. Mar hy seach de wedstriid tsjin RKC Waalwijk hielendal út en tinkt dat syn âld-wurkjouwer him hanthavenet.
It punt by Willem ll waard fierd as in oerwinning, mar feit is dat sc Hearrenfean noch altyd net út de degradaasjesoargen is. Dat sjocht ek âld-fuotbaltrainer Aad de Mos yn de SportCast.
Doke Schmidt hopet snein gewoan meispylje te kinnen yn de wedstriid tsjin FC Twente. De ferdigener fan SC Cambuur hat moandei nei it sikehûs west, dêr't syn brutsen noas rjochtset is.
It is foar âld-keeper Wim de Ron ûnbegryplik dat Erwin Mulder de nije earste doelman is fan sc Hearrenfean. Mulder krijt de foarkar boppe Xavier Mous, dy't passearre is troch trainer Ole Tobiasen.
Jan Ykema wûn yn 1988 yn Calgary mei in 'pikstart' in sulveren medalje op 'e 500 meter. "Hjoed-de-dei hie it in falske start west", seit Ykema yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
Sipke Hulshoff sit yn in lúkseposysje. Hy is no trainer by de beloften fan Feyenoord, mar dy klup wol him folgjend seizoen as assistint-trainer by it earste alvetal. Hy kin ek haadtrainer wurde by in klup yn de earedivyzje.
De Sweed Nils van der Poel mei dan favoryt wêze foar de 10 kilometer, neffens âld-Olympysk kampioen Bob de Jong hinget der in ferrassing yn 'e loft. "Als Jorrit Bergsma een scherpe tijd neerzet, kan Van der Poel daar zomaar onder bezwijken." Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
Falko Zandstra helle yn syn reedrydkarriêre ien sulveren en ien brûnzen Olympyske medalje, mar der hie folle mear ynsitten. Dat seit Zandstra yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
"Ik heb hem kennelijk in zijn oog geraakt, maar kon er niet zoveel aan doen", dat seit skiedsrjochter Edwin van de Graaf yn de SportCast fan Omrop Fryslân oer dat hy Cambuur spiler Mees Hoedemakers blessearre.
"Sven Kramer hie al earder in punt efter syn karriêre sette moatten." Dat seit twafâldich reedrydwrâldkampioen Hilbert van der Duim yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op ús temaside.
As it oan Foppe de Haan leit, dan hellet sc Hearrenfean Ruud van Nistelrooij as nije coach. Dat seit hy yn de SportCast. Fierder prate we oer de lêste transferperikelen.
Foeke Booy is te gast. Hy is technysk manager fan Cambuur en we prate oer it hersenynfarkt dat hy hân hat, oer de transferperioade en oer de druk op sc Hearrenfean-trainer Johnny Jansen.
Yn dizze Sportcast belje we mei RTV Oost ferslachjouwer Tijmen van Wissing oer de mooglike komst van Kees van Wonderen nei Hearrenfean, oer it bekerduel fan tiisdei tsjin Go Ahead Eagles en prate we fierder oer Cambuur en oer Henk de Jong, dy't wer op de bank sit.
Bliuwt Issa Kallon by Cambuur? Soe Thom Haye in oanwinst wêze? En hoe rint it ôf yn de soap oer de nije trainer fan sportklup Hearrenfean?
PSV en Feyenoord binne yn de merk foar Joey Veerman. Dat befêstiget technysk manager Ferry de Haan fan sc Hearrenfean yn de nije SportCast fan Omrop Fryslân.
Reedrydcoach Henk Hospes mei nei de Olympyske Spelen omdat syn pupil Sanne in 't Hof twadde waard op de fiif kilometer. Dat hy no wer nei de Spelen mei rekket him bot. "Dan giet der in hiele berch troch je hinne."
Geert Kuiper fynt dat reedrydbûnscoach Jan Coopmans mear nei Jorrit Bergsma sjen moatte soe foar de ploege-efterfolging. Kuiper seit dat yn it fjirde diel fan de OKT-SportCast.
"As Femke Kok pykt, dan docht se seker mei", seit Jesper Hospes. Yn de Sportcast prate we op de tredde dei fan it OKT mei Hospes en Douwe de Vries oer Kok, Michelle de Jong en Jorrit Bergsma. We sjogge ek foarút nei de 1.500 meter foar froulju en de 1.000 meter foar manlju.
Antoinette de Jong hat har nei de 1.000 meter ek pleatst foar de 3.000 meter. Efter Irene Schouten is se twadde wurden. We prate deroer yn de SportCast mei âld-reedrider Douwe de Vries en Ljouwerter Krante-sjoernalist Johan Stobbe.
De winterske transferperioade komt der wer oan en dus nimme de spekulaasjes ta. Feyenoord soe in bod dien hawwe op Joey Veerman, mar yn de SportCast wurde fraachtekens set by de finansjele slachkrêft fan de Rotterdammers.
Reedrydcoach Geert Kuiper is der wol wis fan: "Sven Kramer sil nei de Spelen. Dat is wol klear." Dat sei Kuiper yn de ekstra SportCast fan Omrop Fryslân oer it Olympysk kwalifikaasjetoernoai.
It wie troch de betide reade kaart miskien net de Fryske derby dêr't de fuotbalfans op hope hiene, der barde lykwols genôch. Yn de nije SportCast beprate we mei âld-keeper en fuotbalanalist Harm Zeinstra de seis krúsjale mominten fan de derby.
It is ôftellen. Noch seis nachten sliepe en dan is it safier. De earste Fryske derby sûnt fiif jier. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân litte trainers Johnny Jansen fan sc Hearrenfean en Pascal Bosschaart fan SC Cambuur witte net wachtsje te kinnen.
Sparta Rotterdam leaut wol yn in sukseske tsjin sc Hearrenfean, nettsjinsteande it feit dat de Rotterdammers dit seizoen pas twa kear wûnen. Dat fertelt Bart Vriends, ferdigener fan Sparta én podcastmakker, yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
De kommende jierren sil Cambuur in spiler ferkeapje boppe de oardel miljoen euro, seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Dat gaat 100 procent zeker gebeuren, daar twijfel ik geen seconde aan."
Gert Kruys hat lovende wurden oer foar SC Cambuur. De âld-trainer fan de Ljouwerters is ûnder de yndruk. "Misschien gaan ze wel super verrassen. Dat we een stunt krijgen. Dat ze de play-offs voor Europees voetbal halen."
Sandor van der Heide wit noch net oft er weromkomt yn it fuotbal. Hy wie oant dizze simmer assistint-trainer fan SC Cambuur, mar is no gelokkich bûten it fuotbal.
Nei trije ferliespartijen pakte sc Hearrenfean ien punt tsjin promovendus NEC. Maarten de Jong is kritysk op de ploech en op trainer Johnny Jansen. "Er zit geen teamspirit in. Ze maken de 1-1, maar juichen als eilandjes. Dat is veelzeggend", sa seit 'Mister Hearrenfean'.
Skiedsrjochter Martin van den Kerkhof en fideoskiedsrjochter Robin Hensgens hiene yn it duel tusken sc Hearrenfean en Vitesse yngripe moatten by minimaal twa sitewaasjes. Dat fynt assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra.
"Diep in ons hart willen we strijden voor de play offs, maar dat is niet reëel", seit assistint-trainer Peter Reekers fan sc Hearrenfean. Ole Tobiasen is it mei him iens. "We moeten dat verwachtingspatroon bijstellen, maar de buitenwacht ziet ons nog altijd als een subtopper."
sc Hearrenfean treft yn FC Utrecht in ploech dêr't de druk der fol op stiet. De kâns is grut dat de basis fan de klup út de Domstêd sneon op de skop giet.
Alex Bangura is oant no ta de revelaasje by SC Cambuur. De linkerferdigener dreamt yn de SportCast hurdop oer syn takomst. "Ik droom ervan om bij Chelsea te voetballen. Vroeger was ik een enorme fan van Didier Drogba, ik vond hem echt geweldig. Zo is de liefde voor Chelsea ontstaan."
As je allinnich sjogge nei de ranglist, dan tinke je dat sc Hearrenfean it goed foarinoar hat. Mar yn de SportCast is earder publyksleaveling Piet Keur hurd yn syn oardiel: "Heerenveen heeft een sloom elftal, er zit totaal geen passie in. Als die slomigheid er uitgaat, dan wordt het misschien nog wat."
Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.
It liket Milan van Ewijk wol wat: deselde rûte bewannelje dy't Denzel Dumfries ek ôflein hat. Fan de amateurs nei in lytse klup yn de earedifyzje, om dan fia sc Hearrenfean nei in topklup yn Nederlân te gean. Dêrnei is in grutte kompetysje yn it bûtenlân it einstasjon.
As keeperstrainer fan Curaçao reizget Etienne Stomp de hiele wrâld oer, mar no set hy in punt efter syn ynternasjonale karriêre. Dat makke hy bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
It seizoen is noch mar kwalik begûn, mar no al doart Cambuur-watcher Andor Faber de earste pittige konklúzjes te luken. "Fan Tamas Kiss kinne wy noch in soad ferwachtsje en Sam Hendriks kinne wy ôfskriuwe."
Yn it Fierljep Kafee wurdt troch presintator Gerrit de Boer mei gasten foarútsjoen nei it FK fierljeppen en weromsjoen op it ljepseizoen. Oan'e oarder komme: Weromsjen op it FK 2011 mei Thewis Hobma as kampioen Foarútsjen op nije skânsen foar Drylts en It Heidenskip In spektakulêre kollum fan Hendrik Murk Haanstra Nostalgysk ûnderwerp út it ferline mei nijsgjirrige gasten Skerpe foarútblik op it FK 2021
Mei noch in pear oeren te gean yn de transferperioade nimme we it lêste nijs troch mei ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber. Wat dogge SC Hearrenfean en SC Cambuur hjoed?
By SC Hearrenfean geane se der net fanút dat Joey Veerman ferkocht wurdt oan AZ. Snein fertelde de Volendamse middenfjilder dat de Alkmaarders 4.5 miljoen euro op him bean hawwe. It gat mei de fraachpriis is te grut, al wol technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean net op bedraggen yngean.
"Ik ben blij dat ik weer op het veld sta, het is alleen jammer dat de resultaten nog niet goed zijn. Dat geeft toch de nodige spaning", dat seit Almere-trainer Gertjan Verbeek yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Yn dizze Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy makke dit wykein syn debút by FC Twente. En fansels beprate we de lêste wedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.
Dit wykein begjint de earedifyzje mei twa Fryske klups. Hearrenfean hat in bettere tarieding hân as ferline jier, by Cambuur hie dat better kind. Benammen troch in soad coronagefallen wie de tarieding net optimaal. We prate deroer mei Cambuur-oanfierder Erik Schouten.
It wurdt dizze wike dúdlik wa't kommend seizoen oanfierder wurdt fan SC Hearrenfean. Dat fertelt trainer Johnny Jansen yn de SportCast. Der soe ûnrêst oer it oanfierdersskip wêze, om't Henk Veerman de bân net drage wol. Dêr is neffens Jansen gjin sprake fan.
De Olympyske Spelen binne dwaande yn Japan. In Ljouwerter dy't al hiel lang yn Japan fuotballet, is Quenten Martinus. Al seis jier lang spilet er yn de J-League, it heechste nivo yn Japan. "Ik zie mezelf voorlopig nog niet terugkeren in Nederland."
De ien moat Robert Mühren opfolgje by SC Cambuur en de oar wol de nije keeper fan sportklup Hearrenfean wurde. Tom Boere en Xavier Mous binne hjoed te gast yn de Sportcast. Dêryn prate we mei harren oer de tarieding en oer de tiid dat Boere en Mous tegearre by FC Oss spilen.
Erwin Zeinstra is werom yn Dronryp. Sneintejûn flagge er de EK-finale op Wembley tusken Italië en Ingelân. "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is", seit er yn de SportCast. Dêryn fertelle ek twa oare Fryske assisint-skiedsrjochters, Jan de Vries en Hessel Steegstra, har ferhaal.
Pieter Huistra is wat bûten byld rekke. De lêste fjouwer jier fiert hy suksessen yn Oezbekistan, mar hy tinkt oan in weromkear op de Nederlânske fuotbalfjilden. Hy slút sels de rol fan bûnscoach net út, fertelt er yn de SportCast. "Moatst altiten grut tinke en leauwe yn dyn eigen kwaliteiten. Se kinne my altiten belje!"
Theo de Jong fan Ljouwert spile fyftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en tamme spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."
Ald-ynternasjonal Jan Kromkamp (11 ynterlannen) fan Makkingea seit yn de SportCast dat er sjarmearre is fan Italië. "Italië speelt het leukste voetbal, lekker fris, lekker aanvallend. Ik hoop ook dat ze winnen."
Yn de SportCast prate wy wiidweidich oer it Europeesk kampioenskip fuotbal en dat dogge wy mei âld-ynternasjonal Johan Zuidema. Zuidema spile yn it ferline by De Westerein, SC Cambuur, FC Twente, NEC en Ajax en kaam twa kear út foar it Nederlânsk alvetal.
Yn dizze jubileumedyzje fan de SportCast praat Sipke Hulshoff oer syn oergong nei Feyenoord. It is in dream dy't útkomt. Fan de nûmer seis fan de earedifyzje nei de Rotterdamske Kuip.
Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam. "Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net," seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuvering grut dat Robert Mühren wer werom komt seit stadionspeaker, en omke, Jack Mühren. "In Volendam had echt niemand dit verwacht." Ferslachjouwer Andor Faber wit dat Cambuur de spits graag hâlde woe: "Müh...more
Fuotbalklup SC Hearrenfean is yn it jubileumseizoen teloarstellend as tolfde einige. Mar ien kear earder yn 'e kluphistoarje einige de klup leger op 'e ranglist. Dat wie yn 1991, doe degradearre de ploech nei de Earste Difyzje. Yn in ekstra lange SportCast binne wy te gast yn it Abe Lenstra stadion en sjogge wy werom op it ôfrûne jier mei haadrolspilers Johnny Jansen, Henk Veerman, Erwin Mulder en Jan Paul van Hecke. De trainer fan Hearrenfean is net tefreden oer it seizoen: "Ik heb er echt de b...more
SC Hearrenfean is it seizoen einige as de nûmer tolve fan de earedifyzje. En dat is likegoed sportyf as finansjeel besûnder teloarstellend yn dit jubileumjier. SC Hearrenfean sakke yn de twa lêste wedstriden tsjin Emmen en Sparta fier troch de ûndergrins hinne en trainer Johnny Jansen krijt aardich wat krityk.
Fiif kear sei Ferry de Haan 'nee' tsjin in oanbieding fan in klup om dêr oan de slach te gean. NEC, NAC Breda, Feyenoord, FC Emmen en FC Twente krigen allegearre nul op it rekest. Mar doe't Cees Roozemond him benadere foar in rol as technysk manager, hoegde hy net lang nei te tinken.
By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein wie der de huldiging. "Jongens, we hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong yn de SportCast. Mar, nei trije wiken fan feestjes en in hoop drank wol de Drachtster no ek wer foarút sjen. "It moat no even stopje mei al dy festiviteiten en feestjes." Yn de SportCast fanút it Cambuur Stadion wei skowe neist De J...more
Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol om spand oft de petearen wol trochgiene." Yn de SportCast nuansearret Roozemond dat lykwols.
As SC Cambuur net promovearre wie, dan hie Foeke Booy nei dit seizoen fuortgien. Dat fertelt de technysk manager fan de Ljouwerters moandei yn de SportCast. Mei Booy sjogge we foarút nei folgjend seizoen, wannear't Cambuur besykje sil om yn de earedifyzje te bliuwen. It giet oer Robert Mühren, Marco Tol en noch folle mear.
"Van den Belt zei dat ie niet alles tegen me durft te zeggen. Dat hij bang voor me is. Althans, zo kwam het op me over." Earefoarsitter Ype Smid sprekt him foar it earst sûnt de Cambuurkrisis út oer dy situaasje yn de Sportcast. We prate mei Ype Smid oer syn relaasje mei finansjeel direkteur Gerald van de Belt, oer it kommende kampioenskip en oer de wurden fan trainer Henk de Jong: "Die hebben me niet onberoerd gelaten."
Michel Vlap sjocht him noch alle wiken de eagen út yn de Bundesliga. De Snitser fuotballer dy't troch Arminia Bielefeld hierd wurdt fan Anderlecht fjochtet mei syn ploech tsjin degradaasje. Bielefeld stiet op it ien-nei-lêste plak yn Dútslân en sil yn elts gefal noch ien klup foarby moatte. Yn de SportCast fertelt er oer syn earste moannen yn de Bundesliga. Ek belje we mei âld-direkteur Hans Nijland fan FC Grins oer de 'Derby van het Noorden' fan kommend wykein.
Der hat it lêste healjier in soad te dwaan west oer Gerald van den Belt, direkteur by SC Cambuur. De bestjoerlike ûnrêst kaam yn novimber nei bûten, doe't Van den Belt oanjoech op te stappen as Ype Smid foardroegen wurde soe as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Sa fier kaam it net. Yn de SportCast reagearret Van den Belt foar it earst op de rebûlje yn de bestjoerskeamer en fertelt er ek oer it nije stadion, dêr't er him fanút de klup mei bemuoit.
Hy wûn as trainer in Europa Cup mei Anderlecht, waard kampioen mei Ajax en is no benammen ferneamd om syn fuotbalanalyzes op Twitter: Aad de Mos. Yn de SportCast sykje we kontakt mei de âld-fuotbaltrainer dy't syn ljocht skine lit oer it middenfjild fan SC Hearrenfean, de kânsen fan SC Cambuur yn de earedifyzje en sels it Nederlânsk alvetal komt foarby.
It giet him bot oan it hert. En dat is te fernimmen as hy yn de SportCast oer 'syn' SC Hearrenfean praat. Earefoarsitter Riemer van der Velde is te gast om te praten oer it fuotbal by de Feansters en hy docht in emosjonele oprop oan alles en elkenien dy't Hearrenfean leaf hat. Ek giet it yn dizze SportCast oer de bestjoerlike perikels by SC Cambuur en de rol fan trainer Henk de Jong dêryn.
Sportklup Hearrenfean helle in goed resultaat tsjin ADO Den Haag, mar it spul is noch altyd net om oer nei hûs te skriuwen. Cambuur giet fierder mei goed prestearjen, wûn fan Telstar en is noch altyd op wei nei promoasje. We beprate yn de SportCast de beide klups, sjogge nei wat beslissingen fan skiedsrjochters mei skiedsrjochter Jesse Rozendal en prate oer Go Ahead Eagles - Cambuur mei ferslachjouwer Tijmen van Wissing fan RTV Oost.
It is foar SC Hearrenfean de wedstriid fan it jier: de heale finale fan de beker tsjin Ajax. Woansdei wurdt dat duel spile en dus is der yn de SportCast alle reden om foarút te sjen op dy wedstriid. Dat dogge we mei in Ajax-saakkundige dy't ús alle ins en outs fan de klup fertelt. Ek belje wy efkes mei Henk de Jong om te hearren hoe't it mei him is, The Day After dy glânsrike oerwinning op Almere City.
Dat de 'Derby van het Noorden' tusken SC Hearrenfean en FC Grins snein yn in 1-1 lykspul einige, is net sa'n grutte ferrassing. Dochs is der genôch reden om oer dy wedstriid nei te praten en dat dogge we yn de SportCast mei in spesjale gast: Feanster middenfjilder Lasse Schöne. Ek is der yn der yn de persoan fan Jan Hylkema in Mystery Guest. En it giet oer SC Cambuur, dat twa tige wichtige wedstriden yn it foarútsjoch hat.
SC Cambuur-spiler Jamie Jacobs is mei syn goals en assists de middenfjilder mei it measte rendemint yn de Keuken Kampioen Divisie. De Cambuur-spiler is te gast yn de Sportcast. We prate oer it naderende kampioenskip, oft se klear binne foar de Earedivyzje en we ha in Mystery Guest. En we ha it oer de komst fan Lasse Schöne nei sportklup Hearrenfean.
Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn tsjin Vitesse. Foar us reden om mei Vitesse-supporter Marcel van Roosmalen te beljen. We prate mei him oer dy wedstriid, oer wat hy mei Hearrenfean en Cambuur hat en oer de Alvestêdetocht. We ha ek kontakt mei Michel Vlap. De Sniters is krekt ferhierd fan Anderlecht nei Arminia Bielefeld yn Dútslân.
It Wrâldkampioenskip ôfstannen fynt plak fan tongersdei 11 febrewaris oant 'e mei 14 febrewaris yn it Thialf-stadion. Sân Fryske reedriders dogge mei oan dit toernoai. Se libje mominteel oer it algemien al wike yn in bubbel. Sa ek coach Jillert Anema. Fanútsyn hotel praat hy yn dizze Sportcast mei oer it kommende WK. Jesper Hospes is ús hûs-analytikus en hy sjoch tegearre mei presintator Roelof de Vries foar't op it WK. Ek belje we efkes mei Arjan Stroetinga.
Yn de nije SportCast is der wer in hoop te bepraten. Sa pakt SC Hearrenfean fjouwer punten út de lêste twa wedstriden, rekkenet SC Cambuur ôf mei it anty-fuotbal fan MVV én is it ek nochris Deadline Day: de dei dat spilers foar it lêst in transfer meitsje kinne. Om dy reden hinget technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean oan 'e line. Ek prate we mei âld-fuotballer Joey van den Berg, dy't no jeugdtrainer is by SC Hearrenfean.
Twa bysûndere gasten yn de Sportcast dizze wike: we prate mei Reza Ghoochannejhad, âld-fuotballer fan sportklup SC Hearrenfean en SC Cambuur. Hy skoarde dit wykein in hattrick foar PEC Zwolle. En we belje mei Peter Houtman, âld-fuotballer fan ûnder oare Feyenoord en no stadionspeaker yn De Kuip. Hearrenfean spilet yn koarte tiid foar de kompetysje én de beker tsjin Feyenoord. We prate oer de krisis dêr't Hearrenfean yn sit en oer it sukses fan SC Cambuur en Robin Maulun.
Reitsje se by SC Cambuur al in bytsje yn panyk nei't der de lêste twa wedstriden mar ien punt pakt is? En hoe is de stimming by SC Hearrenfean nei wer gjin oerwinning? Fragen dy't yn de SportCast oan 'e oarder komme. Trainer Henk de Jong fan Cambuur is te gast en sa no en dan skoot der ek efkes in oare gast oan, om it ien en oar te ferdúdlikjen.
Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foarsitter fan de atletekommisje de riders fertsjinwurdiget.
Trainer Johnny Jansen fan Hearrenfean siet snein troch corona thús mei sjachrijn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, de gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer corona. Dêrneist ha we ek kontakt mei Sipke Hulshoff, dy't troch guon sjoen wurdt as de kroanprins ûnder de assistint-trainers en freed mei syn ploech FC Volendam wûn fan SC Cambuur.
SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.
It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan us wend, mar we ha it ek oer reedriden en Sven Kramer.
Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.
Wer net geweldich spylje, mar wol wer winne. It is it ferhaal mominteel fan SC Cambuur. De Ljouwerters stean fier oan kop. We prate mei Mitchel Paulissen oer wêrom't it no sa goed giet, oer syn konkurrint Robin Maulun en oer assistint-trainer Sandor van der Heide. En we sjogge werom op it duel tusken Vitesse en SC Hearrenfean.
Nei in wedstriid mei twa gesichten, ha SC Hearrenfean en PSV snein de punten ferdield. We prate der oer mei âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Syn boek waard ferline wike presintearre, mar mei Verbeek is der altyd wat te bepraten. We sjogge werom op SC Hearrenfean-PSV, hy is kritysk oer de komst fan Siem de Jong en hy praat oer syn ambysjes om direkteur fan Hearrenfean te wurden. Fierder ha we it oer Cambuur, dat midden yn de titelrace sit en dat wylst it spul wat minder wurdt. En we belje me...more
Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels giet it ek oer SC Hearrenfean, dat yn Den Haach net fierder kaam as in lykspul.
SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters keurich op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat De Graafschap relatyf ienfâldich ferslaat en efter Almere City twadde stiet yn de earste difyzje.
SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje fanwege de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal, wylst SC Cambuur snein de flier oanfage mei konkurrint Almere City. Genôch reden om troch te praten oer it fuotbalwykein en om djipper op dé klup fan ús gast yn te zoomen. Dat dogge we yn de SportCast mei âld-trainer en klupikoan Foppe de Haan fan SC Hearrenfean.
It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. We prate deroer yn de nije SportCast en ek giet it oer Joey Veerman en Jong Oranje, Henk de Jong en FC Utrecht en ja, alwer: handsballen.
"Mei ik dat sa sizze? Ja, eins wol, ik fyn it skofterich." Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat it oer PSV, dat fan 'e moarn pas bekend makke dat de wedstriid tsjin Cambuur fan moandeitejûn net trochgiet. Neffens Rik Elfrink fan it Eindhovens Dagblad binne der no tsien gefallen fan corona by PSV. We prate yn dizze Sportcast mei Elfrink, mar we prate ek oer it sukses fan de nûmer fjouwer fan de Earedivyzje Hearrenfean en oer topskoarder Henk Veerman.
It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keeper Fred Grim no trainer is. Hy krijt noch altyd waarme gefoelens by Ljouwert en docht in opfallende útspraak. Ek fertelt Jesse Rozendal oer syn skiedsrjochtersdebút en oft it slagge is mei it 'gebaar' foar ...more
NAC Breda mist troch corona miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs gean se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC gaat." Yn de Sportcast prate we oer de topper NAC Breda-SC Cambuur, oer de kânsleaze nederlaach fan Sportklup Hearrenfean en prate mei skiedsrjochter Yadran Blaco, dy't freed debutearret yn it betelle ...more
"Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitsentrainer is. Cambuur wûn dit wykein mei 5-0 fan FC Dordrecht. We prate mei Barto en mei syn âld-kollega en no spitsentrainer fan Dordrecht Mark de Vries.
It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertelle oer harren plannen op de transfermerk.
De grutte man oan de kânt fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oar it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei njoggen wedstriden boppe-oan stiet. En we prate mei assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra oer de diskusjes oer de VAR en de handsbal-regel.
Wa't ein augustus sein hie dat SC Hearrenfean nei twa wedstriden koprinner wêze soe fan de earedifyzje, wie warskynlik foar gek ferklearre. Alle wedstriden yn de tarieding waarden ferlern, mar nei Willem ll (2-0) bûnen de Feansters ek Fortuna Sittard (3-1) oan de oerwinningsrige. Der wurdt wiidweidich oer praat yn de nije SportCast, lykas dat de sportferslachjouwers it hawwe oer de teloarstellende resultaten fan SC Cambuur de lêste twa wiken.
It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bewûndering út foar in doarpsgenoat dy't yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet.
"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy wer oerwâldlûden te hearren. Cambuurferslachjouwer Andor Faber hat de "oe-oe-oe-lûden" heard doe't hy yn it stadion wie. Hy is it foar in grut part wol...more
Dizze wike is Henk Veerman, de nije spits fan SC Hearrenfean, te gast. Hy is de man dy't SC Hearrenfean it kommende seizoen fan doelpunten foarsjen moat. Freed waard de Volendammer presintearre en saterje stie er al yn de basis yn de oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück.
Cambuur-trainer Henk de Jong hie ferline wike búkgriep en wie dêrom efkes net op de klup. Moandei kaam dêrby dat syn frou ek siik is. Dus koe hy wér net oan it wurk sa't er dat sels wol. Syn frou wurdt moandei test. De Jong hat wol efkes op de klup west en op ôfstân mei wat minsken praat. Mar hy wol gewoan wer oan de slach. "Ik wol wurkje, net my siik melde. Je skamje je dêr hast foar."
Gerald Sibon is alwer efkes fuort by Hearrenfean, mar de klup giet him noch altyd oan it hert. "Tuurlijk, ik ben een clubman." Sa sprekt Sibon him yn dizze Sportcast út oer de kwaliteiten fan dizze seleksje, oer de krityske wurden fan oanfierder Joey Veerman nei de pynlike 5-1 nederlaach tsjin De Graafschap, oer hoe't de klup mei klupminsken omgiet en hoe't hy tinkt oer in rentree by Hearrenfean en Gerry Hamstra: "We konden niet heel goed met elkaar."
Mark de Vries wurdt yn syn tiid by SC Cambuur in cultheld. Hy skoart oan de rinnende bân en wint by Cambuur sels 'de Gouden Schoen' foar bêste fuotballer fan de Earste Difyzje. Mei De Vries prate we oer syn tiid yn Skotlân by Hearts of Midlothian, oer it healjier by sportklup Hearrenfean, mar toch foaral oer Cambuur.
Sportklup Hearrenfean hat noch gjin yndruk makke yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen. Se ferlearen mei 1-0 fan NAC Breda. "Al sjogge je dúdlik dat se guon spilers noch misse", stelt ferslachjouwer Roelof de Vries. Cambuur hat lykwols trije oefenpotsjes op rige wûn. De lêste tsjin PEC Zwolle. "It giet sa goed, se moatte freed mar net winne fan FC Emmen."
Yn it PC Kafee praat Geert van Tuinen mei kening Dirk Talsma fan 1970 en ferliezend finalist Johan van Seijst út datselde jier. Ek Klaas Berkenpas, Dirk-Jan van der Woud (winners yn 2000) en Chris Wassenaar (ferliezend finalist 2000) binne te gast. En we geane ek nei de PC fan 2010, mei winner Daniël Iseger en ferliezer Pieter van Althuis. De muzyk komt fan Te Gare, de kollum fan Bonne Stienstra en Ids Hellinga en Jan-Dirk de Groot ha in sterk ferhaal oer in hynder en in bierfiltsje.
Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan syn knibbel en no is er koartlyn wer holpen oan in lossittende krúsbân. Yn de nije Sportcast praat er deroer.
Op de jierdei fan SC Hearrenfean, dat moandei it hûndertjierrige bestean fiert, is Jan de Jonge te gast yn de nije SportCast. Hy kaam oer trije ferskate perioaden út foar de Feansters: ien kear as spiler, in kear as assistint-trainer en as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is De Jonge trainer fan twaddedifyzjonist De Treffers út Groesbeek.
Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa in top 4. Boppedat belje we mei âld-Hearrenfeanspiler Jon Dahl Tomasson. Hy spile fan 1994 oant 'e mei 1997 by Hearrenfean en is no trainer fan Malmö FF.
De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it effekt dêrfan op It Fean. Dan binne der ek noch ris de festiviteiten rûnom it hûndertjierrich jubileum. Genôch reden om by te praten mei Cees Roozemond yn de nije SportCast.
Sportklup Hearrenfean hat yn harren 100-jierrich bestean hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear dogge we dat oer de twastriid tusken Hearrenfean en Cambuur. Dat dogge we mei Maarten de Jong en Foppe de Haan, dy't aardich wat derby's mei makke ha en mei Lucas Bijker, dy't de oerstap makke fan Cambuur nei Hearrenfean.
Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuwe behâlden. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt praat der yn de nije SportCast oer.
17 maaie 2009 is foar in soad Hearrenfean-supporters in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Tegearre mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de road to the final, de wedstriid sels en it feest dêrnei. "Ik kon met wel 20 vrouwen trouwen."
Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Hy is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. Doelstelling wie hanthavening op it heechste nivo en dat is slagge. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat, mar hy slút in weromkear nei it Abe Lenstra stadion yn 'e takomst net út.
SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as allerearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer 16. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en wurdt ferfongen troch Fritz Korbach. En dan ûntstiet der in bizar senario.
Der binne net in soad Friezen dy't oait foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Grins, dat him ek hawwe woe. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast...
Sportklup Hearrenfean ferraste yn it seizoen 1999/2000 elkenien troch twadde te wurden yn de earedifyzje. Dêrmei helle SC Hearrenfean de Champions League. Mei keeper Hans Vonk, ferdigener Gérard de Nooijer en oanfaller Anthony Lurling sjogge we werom op it seizoen dat se Champions League hellen en it seizoen dat se Champions League spilen.
It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder oare op de transferperikels yn it Abe Lenstra Stadion.
SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. Abe makke as 15-jierrich jonkje syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean. Yn totaal wurdt Hearrenfean mei tank oan syn fuotbalkwaliteiten njoggen kear kampioen fan de noardlike earste klasse.
Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide yn Ljouwert assistearret.
Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út syn tiid as spiler.
"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertelt Booy der wiidweidich oer.
It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.
It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de mûle nimt, skoot oan yn de nije SportCast.
It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. Ek Jansen net.
Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anker, dy't te gast binne yn de nije SportCast. Dêryn fertellen se ek dat se oer oardel jier, yn jannewaris 2022, ophâlde as advokaat.
Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de nije SportCast fertelt er oer syn perioades yn Fryslân en hoe it is om mei de bêste fuotballers fan de wrâld op it fjild te stean.
It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.
Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?
Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptopskoarer.
Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarden. Als je medische hulp nodig hebt of boodschappen moet doen, mogen we de deur uit. Verder word je verzocht niet naar buiten te gaan", fertelt Brack.
It coronafirus hâldt ek yn 'e sport elkenien yn 'e besnijing. De fuotbalkompetrysjes lizze stil, mar kin der dêrnei wer fuotballe wurde. Sportferslachjouwers Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen beprate de aktuele sitewaasje.
Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear mei Henk. Dan moatte je dêr wat mei." Under lieding fan presintatrise Jantine Weidenaar sjogge sportferslachjouwers Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries foarút en werom op de prestaasjes ...more
It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en jong-Ajax, dat zal me worst wezen. Als we maar promoveren." En SC Hearrenfean trainer Johnny Jansen hat einliks in basisplak ynromme foar Alen Halilovic. SC Hearrenfean wûn mei 3-2 fan FC Tw...more
It iennige wat SC Cambuur noch fan promoasje ôfhâlde kin, binne it tal blessueres. Issa Kallon, Robin Maulun, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Jarchinio Antonia binne de lêste wiken blessearre rekke en dat is reden ta soarch. By SC Hearrenfean binne der nei it lykspul tsjin ADO Den Haag oare soargen. It gebrek oan effektiviteit brekt de ploech al wikenlang op. Dizze wike prate Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jantine W...more
It wurd "krisis" falt as it oer SC Hearrenfean giet. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear foar de fjirde kear dit kalinderjier. SC Cambuur wûn troch in doelpunt fan Giovanni Korte mei 1-0 fan Almere City en set de konkurrinsje dêrmei fierder op efterstân. We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Andries Bakker.
Sportklup Hearrenfean knokte foar de trije punten, mar pakte der mar ien. SC Cambuur die itselde en pakte de trije punten krekt wol. Mar it wie wol spannend, foaral by Cambuur yn de lêste minuten, doe't MVV noch hast de lykmakker makke. En dus makke ferslachjouwer Geert van Tuinen de opmerking: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede." We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jant...more
It Fryske fuotbalwykein begûn mei de wrâldgoal fan Robert Mühren foar SC Cambuur. It Fryske fuotbalwykein einige mei de desepsje fan SC Hearrenfean yn Sittard. Fansels kaam alles wer oan bar yn de Sportcast. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de beide wedstriden én Mark Diemers, fuotballer fan Fortuna Sittard, belle yn. "
Der is de lêste wiken in soad sein oer de ferdigening fan SC Cambuur. Doke Schmidt makke in oantal flaters en waard freed sels nei de bank ferwiisd troch trainer Henk de Jong. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't ús ferslachjouwers it yn de Sportcast oer hawwe. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Jantine Weidenaar oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, shorttrack en reedriden.
It ferstjerren fan Chris de Wagt hâldt us ferslachjouwers yn de Sportcast ek dwaande. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, mar toch foaral ek oer âld-fuotballer en trainer Chris de Wagt. "It wie in leave, sosjale man, mei in grutte leafde foar fuotbal," sa seit Roelof de Vries. Geert van Tuinen: "Je witte dat it eindich wie, mar as je it nijs dan hearre, krije je dochs in slach foar de harses."
SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK Ofstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in nije edysje fan de Omrop Fryslân-Sportcast. Jantine Weidenaar presintearret dizze útstjoering.
SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Fryske bettele fuotbalklups riede harren ta op de twadde seizoenshelte. Njonken it fuotbaljen beprate ús analisten Andor Faber, Roelof de Vries en Arjen de Boer it NK Shorttrack. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy rom de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presintaasje.
SC Hearrenfean en SC Cambuur kinne mei in goed gefoel weromsjen op de earste seizoenshelte. Hearrenfean hat in plakje yn de middenmoat, dêr feroare in 1-1 lykspul tsjin Heracles Almelo neat oan. Cambuur is sels winterkampioen en pakte ek noch trije punten by Excelsior: 3-1. Yn dizze Sportcast sjogge we mei Arjen de Boer, Roelof de Vries en Geert van Tuinen werom op dizze prestaasjes. Andries Bakker is de presintator.
We meitsje it net in protte mear mei, SC Hearrenfean en SC Cambuur dy't beide ferlieze. Us analisten Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries sykje nei in ferklearring foar dizze nederlagen yn in farske Sportcast.
De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn goede banen te lieden.
It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiwurker Jan Vincent van Zuiden. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.
SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske Spelen wol? Genôch te bepraten yn dizze Sportcast en dat dogge Geert van Tuinen, Arjen de Boer en Andor Faber dan ek graach. Andries Bakker is hjoed presintator.
SC Hearrenfean wie frij en dus gie it yn dizze Sportcast benammen oer SC Cambuur. En hellet Sven Kramer wol wer ris syn âlde nivo?
SC Hearrenfean en SC Cambuur belibben in prima wykein: beide wûnen se mei 2-1. Op bestjoerlik flak is it by beide lykwols net allegear positiviteit.
Neist it fuotbaljen en it reedriden ek oandacht foar darten yn dizze Sportcast. Dêrom is ús dartanalist Mats Gies te gast yn dizze útstjoering.
Yn de Sportcast fan ôfrûne wike sei Roelof de Vries dat Cees Roozemond eins noch neat goed dien hat by SC Hearrenfean. Dat freget om in reaksje fansels. Roozemond woe sels ek wol it ien en oar taljochtsje en dêrom skowde hy oan by analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net skoare te kinnen, mar makke der tsjin TOP Oss ynienen fjouwer.
SC Cambuur stiet sintraal yn dizze Sportcast. Algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerters skoot oan by ús analisten Geert van Tuinen en Arjen de Boer en presintator Roelof de Vries. Sy prate ûnder oare oer de wedstriid tsjin MVV, it nije stadion en it spilersfûns.
Grut nijs út de skûtsjewrâld: Harmen Brouwer wurdt skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn broer Sytse Brouwer wiel al skipper fan it skûtsje fan Hearrenfean. Yn dizze Sportcast belje we mei beide skippers. Fierder komme SC Hearrenfean, SC Cambuur en it WK turnjen foarby. Presintaasje is yn hannen fan Roelof de Vries. Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries binne de analisten.
Presintator Andries Bakker en analisten Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries beprate yn dizze sportcast al it Fryske sportnijs en se krigen dizze kear help fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Dan komme fansels ferskate skiedsrjochterlike besluten foarby, mar ek Hearrenfean, Cambuur, Nyck de Vries en Pieter Weening komme wiidweidich oan bar.
In nije Sportcast en dat komt goed út, want der is in protte om oer te praten: SC Hearrenfean spile wer lyk, SC Cambuur komt moandei yn aksje, hoe giet it mei Epke Zonderland syn holtes en hoe docht Michel Vlap it yn België? De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar. Sy besiket ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de stringen te hâlden.
Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
SC Cambuur hat spile, Tjisse Steenstra hat it punteklassemint by it keatsen wûn en Nyck de Vries is op wei nei de titel yn de Formule 2; genôch te bepraten. Sportferslachjouwers Arjen de Boer en Andor Faber liede jo tegearre mei presintator Andries Bakker troch it Fryske sportwykein.
It is de lêste dei fan de transferperioade. Hearrenfean luts in tropyske ferrassing oan út Fjetnam, wylst Cambuur ien út Syprus weromhelle nei Nederlân. Presintator Andries Bakker praat mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber oer it lêste nijs, it NK fierljeppen en de knappe prestaasje fan roeister Ymkje Clevering.
Claudio Gomes komt net nei Cambuur, fertrouwen hâlde yn Jens Odgaard en de bêste keatser fan dit momint. Dat binne in pear fan de ûnderwerpen dizze wike yn de sportcast. Ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber prate dizze moandei oer Cambuur, Hearrenfean, it WK judo en Taeke Triemstra.
In hearlike freedtejûn foar SC Cambuur en in waardeloaze sneontejûn foar sportklup Hearrenfean. Dat wie de konkluzje fan dit wykein. Mar wat gong der sa goed by de Ljouwerters en wat gong der mis by Hearrenfean? Ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Geert van Tuinen prate der oer mei presintator Jantine Weidenaar.
"Cambuur stiet nei trije wedstriden tink ik mei nul punten. Mar dochs komt it goed, echt." Cambuur-watcher Geert van Tuinen bliuwt entûsjast oer de mooglikheden fan de Ljouwerters. Yn dizze Sportcast prate ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer de seizoensstart fan Cambuur, oer SC Hearrenfean en it FK Fierljeppen.
It is alwer de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate oer it FK fierljeppen, dat sneon 10 augustus holden wurdt. Presintator Gerrit de Boer en âld-skipper Bart Helmholt as sidekick beprate de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma. Sintraal tema yn it kafee is it FK fan 1979, mei Rindert Rosier as kampioen by de senioaren en junior Catharinus Hoekstra dy't de sulveren pols wûn. Fierder komt Hannes Scherjon oan it wurdt oer syn fie...more
Yn It Reade Hynder yn Wommels ûntfangt presintator Geert van Tuinen de keatstoppers fan doe en no om foarút te sjen op de Freule: ûnder de jonges dé keatspartij dêr't it hiele jier nei ta libbe wurdt. Te gast binne ûnder oaren de nije foarsitter fan de Freule, Tjeerd Dijkstra, keatsers Jesper Tolsma en Jordy Mossel, en âld-keatser Piet de Jong. Hy wûn fyftich jier lyn yn syn eigen doarp, Wommels.
Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.
In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed fyftich jier ferlyn wat stellen hat fan de PC, spyt krigen hat en yn it PC Kafee delkomt om dêroer te fertellen. De kollum komt fan Janny van der Meer en de muzyk fan Gurbe Douwstra.
Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.
Mei de dagen nimt de PC koarts ek ta. Op snein is it tiid foar nostalgy yn it kafee. Geert praat mei syn gasten wiidweidich oer de PC's fan 1969 en 1979. Om hjiroer mei te praten binne de winners fan 1969 te gast: Johan van Seijst en Sikke Sikkema. Yn it oare jier, 1979, wûn Sake Saakstra en koe Tsjisse Wallendal dernei fluitsje, nettsjinsteande dat er sensasjoneel keatste mei syn Belgyske keatswant. De kollum komt fan Bonne Stienstra en de muzyk fan de Hitsingers. Mear oer it keatsen fynst op: ...more
Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wat is de keatswrâld sûnder leafhawwers? Willem Koopmans is sa'n échte PC leafhawwer en hat yn syn libben in protte dien yn it keatsen. De kollum komt fan Jacob Stelwagen en de muzyk fan de Hitsingers. ...more
De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee. Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skood oan. Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma ha we it oer 'pike op it goeie momint' en ek de jongere generaasje is fertsjintwurdige: Arjen de Jong, Pieter Jilles Tjoelker en Steven Sijsling komme del. Muzy...more
It restaurant De Hinde yn Hylpen wie freedtejûn 17 augustus omtsjoend ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it IFKS-kampioenskip, dat sneon yn Hylpen fan start giet. Under oare foarsitter Sicko Heldoorn wie te gast, mar oare bekende gesichten en nijkommers. De muzyk wie fan Johannes Rypma en Hille. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
It is alwer de fyfde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate it earste lustrum mei tal fan ljeppers dy't yn 1968 al aktyf wiene en dy't mei prachtige ferhalen komme oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder sille we yngean op de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it Nederlânsk rekôr fan Jaco de Groot (22.21m). Hannes Scherjon, Nard Brandsma en Thewis Hobma fertelle hoe 't dat wurket. Muzyk yn it programma komt fan de band The Lucky Daltons. Mear oer it fierljeppen fynst op: Omro...more
Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Graaf fan Berltsum ferlear twa finales op rige. Efter dit ferlies sit in dramatysk famyljeferhaal. Hy ...more
Yn it Skûtsje Kafee wurdt foarútsjoen op it SKS skûtsjesilen kampioenskip dat 4 augustus fan start giet. Nije skippers Jappie Visser (Snits) en Rinus de Jong (De Jouwer) komme del. Wat binne harren kânsen dit jier en hoe fleane sy it kampioenskip oan? Skriuwers Frits Jansen en Eldert Meeter komme del om te praten oer it jubileumboek fan it Huzumer skûtsje. Johannes Meeter, de hjoeddeistige skipper fan dat skûtsje sjocht mei ús foarút op it kommende kampioenskip. Mear oer it skûtsjesilen fyn...more
In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Dêrom bysûndere gasten oan tafel; de foarsitter fan de Belgyske keatsbuon Jerry Defour, trije debun en keatsleafhawwer Akkerman fat Lollum. Dêrneist skood in bekende kabaretier oan dy't mei in soad passy fertelt oer it keatsen. Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.nl/keatsen.